woensdag 15 april 2015

Kin 't noch wat wurre?

Yn it sintsje ‘wy wurde better’ wurdt de r foar de d net útsprutsen. Wy sizze: ‘wudde’. En yn ‘wurde’,  as de d tusken twa klinkers yn stiet, sprekke wy him ek wol út mei in 'r': ‘wy wurre der net better fan’. En de d is noch wat aparts mei: dy skriuwe wy wol, mar yn ‘hy wurdt better’ sprekke him út as in t: ‘wut’.
Stomme letters, letters dy't wol skreaun, mar net útsprutsen wurde, en letters dy't in oare útspraak krije, hoe moatte wy dat allegear skriuwe? De staveringsregels binne hjir wat ‘konservatyf’ en dêrom hâlde wy dy r foar de d yn ‘wurde’, en skriuwe wy in d yn ‘wurdt’ as de útspraak mei in t is en de foarm ‘wurre’ hat ek al gjin plakje krige yn de skriuwtaal.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten