vrijdag 24 april 2015

Fryske ôfdieling op www.lezenvoordelijst.nl

Om it learlingen yn it fuortset ûnderwiis makliker te meitsjen om in geskikt boek te kiezen foar de literatuerlist, is de webside www.lezenvoordelijst.nl opset. Sûnt ferline jier is der ek in ôfdieling Frysk op dy site. Dêr steane 32 Fryske boeken op dy't learlingen foar har Fryske literatuerlist lêze kinne, ferdield oer seis nivo's. Learlingen kinne op de site in boek sykje op har eigen ynteressegebiet en lêsnivo. Fan elk boek stiet der op de site in literêr-didaktyske analyze (foar de dosinten), in learlingeside (om gau in yndruk fan it boek te krijen) en in hiel skala oan ferwurkingsopdrachten (hiel oars as it tradisjonele lêsferslach). De site is net allinnich handich foar learlingen en dosinten, mar ek aardich foar leafhawwers fan (Fryske) literatuer. Sjoch mar ris op www.lezenvoordelijst.nl.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten