donderdag 9 april 2015

Je Frysk fiele sûnder Frysk te praten?

Gauris is taal en identiteit mei-inoar ferbûn. Je fiele je Frysk want je prate Frysk, dochs? Dat hoecht fansels net it gefal te wêzen. Yn it Sibearië (Ruslân) wennet in grutte Dútske minderheid. Hja binne dêr oait hinne brocht yn de tiid fan Stalin. Dy minderheid fielt him yn de regel aardich Dútsk. Hja prate lykwols dy taal net, mar dûnsje noch wol op in tradisjonele Dútske wize, mei tradisjonele Dútske klean en muzyk. Sels yn it hjoeddeiske Dútslân wurdt dat net mear op dy wize dien. Ek siede se Dútsk iten en dogge se typysk Dútske aktiviteiten. Taal en identiteit hoecht dus net altyd lyk op te gean. Hoe is dat by jim? Wêrtroch fiele jim jim Frysk? Is dat troch de taal of spylje ek noch oare saken in rol?

Geen opmerkingen:

Een reactie posten