woensdag 18 maart 2015

Utstjerren fan talen te foaren komme

Elke lytse taal hat der mei te krijen: it trochjaan fan de taal fan generaasje op generaasje om sa de taal yn libben te hâlden. UNESCO hat in ‘Atlas of endangered languages’ útbrocht dêr’t op te sjen is hokker talen útstoarn binne, op stjerren nei dea binne of yn de ‘gefaresône’ sitte. Guon talen wurde op de falreep noch opskreaun om te bewarjen foar ynteressearren of it neiteam. In foarbyld dêrfan is it meitsjen fan in wurdboek fan it Wukchumni, in Indianentaal yn Kalifornia. De lêste frou dy’t dy taal noch praat, is begûn om de taal op te skriuwen. In koarte dokumintêre dêroer is te finen op: http://youtu.be/iRDmRXCizEM

Geen opmerkingen:

Een reactie posten