woensdag 25 februari 2015

Pypfol

It Frysk hat in soad wurden dy't einigje op –fol en dy't brûkt wurde om in hoemannichte (‘hoeveelheid’) mei oan te tsjutten. It wurd betsjut dan: ‘safolle as dat der yn … past’. Sa kin men bygelyks prate fan in tsjerkfol minsken of in amerfol apels. In bysûnder gefal is it wurd ‘skepnetsjefol’. Dat betsjut nammentlik net ‘safolle as yn in skepnetsje past’, mar: yn oerfloed! En dat wylst in skepnetsje ek gauris leech is... 
In oar nijsgjirrich gefal is it wurd 'pypfol'. Dat hat as betsjutting: sa folle as dat yn in piip past. Mar it wurd komt ek foar yn útdrukkingen. Ien op in pypfol hawwe wol sizze: ien net sa heech hawwe. En ast tinkst dat it neat wurde sil, dan kinst sizze: Dat ha ik op in pypfol. It wurd kin ek brûkt wurde as tiidsoantsjutting en betsjut dan: sa lang as dat it smoken fan in piip duorret. Jim ha no dus in pypfol Taalbaaske-lêzen.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten