woensdag 4 februari 2015

Kapkes of dakjes

De minsken dy’t yn it Frysk twitterje, hawwe it mier oan kapkes op letters. Om't it te folle wurk is, litte se dy mar wei. It kapke (dakje) hat sels mear as ien funksje, dat salang't der gjin oar staveringssysteem betocht is, kinne wy der net sûnder. In dakje op de a, de o of de e betsjut dat de útspraak fan dy letters langer wurdt (stal is koart en stâl lang; rot is koart en rôt lang; pet is koart en bêd lang). Mar in dakje op de u (û), seit neat oer de lingte fan de útspraak. Dan wurdt bedoeld dat de útspraak oe (tink oan boek, bûk) wêze moat. De útspraak fan u mei in kapke (û) kin sawol koart (hûn) as lang (hûs) wêze.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten