Iiskâld en stienkâld binne foar de hân
lizzende fersterkings; sa kâld as iis, of as (in) stien. As it bûten
hiel kâld is, neame wy dat glûpende, stjerrende of gnobkâld
(gnobbich of knobsk). Piet Paulusma hat it der faaks wolris oer.
Minsken kinne fan harsels ek kâld wêze. Sa kâld as in âldroek, as
in kikkert, in skylfisk, in hjerring, in hjerstkat ensfh. seit wat
oer de lichemstemperatuer. Minsken kinne ek kâld, ûnferskillich fan
karakter wêze en dêr binne ek moaie wurden foar: sa kâld as in
molkenbak of as in pûn moal.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten