donderdag 14 februari 2013

Jin de fingers ôfslikje


De wiisfinger wurdt ek wol foarste finger neamd. Grutte finger wurdt brûkt foar middelfinger en ringeling foar ringfinger. Yn it Nederlânsk komt ringeling foar yn it rymke 'Naar bed, naar bed zei duimelot ...' mei dêryn ek de fingernammen likkepot, lange Jaap en kleine ding. De njoggentjinde-ieuske Fryske skriuwer Joast Halbertsma notearret foar it Frysk ek sa'n rychje: lytse pink, gouden ring, âldemoer, potslikker, luzeknipper. Opfallend is dat beide talen foar de wiisfinger in namme hawwe dy't ferwiist nei it mei de finger slinen út potten en pannen mei lekkers. Taal is sa moai, men soe jin de fingers der by ôfslikje.

Geen opmerkingen:

Een reactie posten