dinsdag 1 mei 2012

Kompjûter of rekkenark?

It Fryske wurd kompjûter komt fan Ingelsk computer, dat oarspronklik ‘rekkenark’ of ‘rekkener’ betsjut. Yn it Súd-Afrikaansk seit men ek rekenaar, yn it Platdútsk is it reekner, yn it Beiersk Rechna. Moatte wy yn it Frysk kompjûter ferfange troch: rekkenizer, rekkener of rekkenark?

4 opmerkingen:

  1. Phil van der Meulen1 mei 2012 om 16:37

    Gjin ien fan beide. It is in frjemd wurd en it Hollansk hat it sa oernommen. Werom moat it Frysk dan roomser weze as de paus? Lit wurden ut in oare taal mar werkenber bliuwe.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. In reaksje fan Frits Boschma út Drylts, oer de e-mail:
    Kompjûter, dat wurd moatte wy der moai ynhâlde.
    It is al sa ynboargere, wat oars soe in dissonant wurde.
    It âld FNP Steatelid Jan Bearn Singelsma, dy 't yn dizze
    krante by "Omrop Fryslân " neamd wurd (mei foto!!).
    hie eartiids noch moaier wurd as: rekkenizer.
    Doe 't de kompjûters ynfierd waarden hiene se der
    op it provinsjehûs in protte swirrichheden mei.
    De helpdesk wie doe ek net optimaal, tink ik)
    Jan Bearn hie it doe oer: It rekkenreau !!!
    Moai betocht mar "kompjûter" is better.

    De groetnis fan Frits Boschma út Drylts.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Rein Strikwerda9 mei 2012 om 19:17

    Yn it offisjele Heechdúts hjit sa'n apparaat ein Rechengerät en yn de jierren '60 neamde ir. Jochem Keestra, Rykskonsulint foar de feefokkerij, it mei in wat boartlike ûndertoan ek wol in rekkenreau. Mar at men kompjûter seit, wit elkenien fansels fuort wêr't it oer giet.

    BeantwoordenVerwijderen
  4. Rekkenreau as rekkenizer binne goeije wurden, mar it wurd kompjûter sille se net forfange kinne. Dêrfoar is de taelynteresse fan de Friezen to lyts. "As wy inoar mar bigripe kinne". Dy útspraek seit al genôch. It útstjerren fan ús tael is al lang oan 'e gong.

    BeantwoordenVerwijderen