Wâldsjers
ite harren 'wjannepoat' gauris mei in 'fjarke'. Dy j-útspraak gou foar
de oarloch noch as nuver en ûnnoazel, mar hjoed-de-dei is er hiel
gewoan. Taalkundigen tinke dat de Gitersken, feanarbeiders út Oerisel,
dermei begûn binne, omdat se 'hoanne' en 'foarke' net goed útsprekke
koenen.
It soe bêst kinne dat it ûnder de Giterken mear foarkaam, mar ik tink dat it ek in foarm fan bernepraat wie en is. Us Pake en Beppe yn Nij Beets wiene fan Giterske komôf. Guon fan harren buorbern praten ek sa.Us Pake ferbettere dat faak. It heucht my dat der yn Aldeboarn yn en flak nei de 2-de Wrâldoarloch wjanne en fjarke sein waard. Dêr spile de Giterske komôf gjin rol by,wol ik hawwe.
BeantwoordenVerwijderenMei in freonlike groet
Wiebe Lageveen
It heucht my noch skoan dat destiids op in tige ynspirearjende Fryske kursus, ús lesjouwer Jan Jongsma fan Burgum de kursisten foarhâlde dat de útspraak fan 'fjarke', 'wjanne' en 'mjorre' as typysk Wâldfrysk te boek stie en dat dit ferskynsel 'mûlearring' neamd waard. (Oer de stavering fan dat wurd wurdt noch hieltyd hottefile seach ik op Wiki.) Jongsma sei, as wie it in fjildslach: 'De mûlearring begjint by Quatrebras!'
BeantwoordenVerwijderen