dinsdag 17 april 2012

ij IJ ii Ii

De ij is in saneamde ‘digraaf’, in letter opboud út twa tekens:  i + j. De Nederlânske ij is yn it Frysk faak in ii: ijs/iis, pijp/piip. As haadletter wurde de i en de j grut skreaun: IJsbaan. Moat it yn it Frysk dan ek stavere wurde as IIsbaan, of dochs Iisbaan?

2 opmerkingen:

  1. De kombinaasje ‘ij’ is yn de tsjintwurdige Fryske stavering lyk as yn it Nederlâns ien letter dy’t út twa tekens bestiet. Dêrfandinne de haadletter IJ, mar by myn witten komt er yn it Frysk noait foar as begjinletter fan in wurd.
    De kombinaasje ‘ii’ bestiet út twa ôfsûnderlike i’s, wat oanjout dat er ‘lang’ útsprutsen wurdt. Lyk as bg. de a bg. aad, aak, aam. Likemin as der in haadletter AA bestiet, is der in haadletter II. Dêrfandinne Iik en Iis.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Neist ii ken it Frysk ek de digrafen au, eu en ou.
    Wy skriuwe net AUstraalje, EUropa of OUsterhaule. Wêrom soe ijsbaan dan yn it Frysk as IIsbaan stavere wurde moatte? Hâld it mar by Iisbaan.

    BeantwoordenVerwijderen