Weinich is net folle
Foar it Hollânske veel hawwe wy in protte of in soad (en noch mear). Weinich bestiet net yn it Frysk; dêr hawwe wy in bytsje foar. In soad flaters wurde dêr net mei makke. Yn 'e sprektaal komt weinich
wol foar, mar it wurdt ornaris (benammen yn skreaune taal) as ferkeard
sjoen. Soenen wy dat as in geunstich teken sjen kinne foar de takomst
fan it Frysk?
Ik fyn it in ferearming fan de Fryske taal as in wurd as 'weinich' normaal Frysk wurde soe.
BeantwoordenVerwijderenNet dwaan: oarspronklik bliuwe!
Oarspronklik bliuwe wol sizze: "weinich" brûke. Dat wurd hat it Frysk, lykas de oare West-Germaanske talen, urven út eardere mienskiplike taalfazen. It is besibbe oan "weine" (Ned. "wenen") en betsjut oarspronklik sokssawat as "bedroefd", "treurich". It is yn it Nijfrysk stadichoan minder gebrûklik wurden, oant it yn de 20e ieu ûnder ynfloed fan it Ned. "weinig" wer populêrder waard.
BeantwoordenVerwijderen