dinsdag 3 april 2012

Leavver, of leaver net?

It iene bern is leaver is as it oare: leaver wurdt dan útsprutsen mei in ôfgeand twalûd (sûnder brekking). As ien leaver tee hat as kofje, sizze wy sokssawat as 'ljevver' en wurdt dat leaver útsprutsen mei in opgeand twalûd. Lykas yn keallen (mei brekking). Sa hat it Frysk twa wurden dy't ferskille yn betsjutting en útspraak. Mar wêrom is de skriuwwize dan gelyk?

1 opmerking: