zaterdag 13 juni 2009

Taalbaas: Poezen en katten

Poezen, katten
Op syn webloch skreau FNP-steatelid Johannes Kramer lêsten dat Jannewietske de Vries en Marianne van Hall listpoezen wienen. Hy doelde dêrby op it ferskynsel dat froulju mei in 'positive en sjarmante útstrieling' op in ferkiezingslist steane om mear stimmers te lûken. Hy yntrodusearre dêrmei in nij Frysk wurd: listpoes, of wol 'in frou dy't op in ferkiezingslist stiet fanwege har oantreklikheid en útstrieling'.

Poes?
Poes betsjut ek 'oantreklike jonge frou' en lit him maklik kombinearje ta nije wurden. Yn it Nederlânsk bestiet glamourpoes, pitspoes, sekspoes, stoeipoes. Allegear jonge froulju dy't yn relaasje ta har funksje, fanwege har kreazens en seksuele oantreklikheid poes neamd wurde.
Yn it Frysk hawwe wy likegoed poezen. Joost Halbertsma skriuwt yn 1872: "Di deale, hwat is poes moai". En Anne Wadman seit: "In moaie, aardige en wol leave, hertlike frou, mar gjin Cleopatra, of Pompadour, sels gjin Happy Hooker, ... Dit wie in gesellich spinnende bêdpoes" (Yn Adams harnas, side 163).

Kat?
Poezen roppe positive assosjaasjes op en katten negative. En dat wylst it om itselde bistje giet, en - tapast op minsken- om itselde geslacht. Poes is mear in sêfte, freonlike beneaming, wylst kat fûle, rôfdiereftige oantinkens yn jin wekker ropt. Roppe je it bistje yn 'e hûs, dan is it "poes-poes, wêr biste?", jeie je it dierke fuort, dan is it: "jou dy ôf, kat!".
Dat ferskil tusken kat en poes falt ek op by gearstallingen mei dy twa wurden. Dy mei poes binne almeast posityf en ferwize meast nei oantreklike froulju. Dy mei kat ferwize nei fûlens, wyldens, kringigens. Yn it Nederlânsk fine wy krabbekat, slenterkat, studentenkat, yn it Frysk wyldekat.

Manlju?
It gong yn dit stikje om poezige of kattige oantsjuttingen foar in frou. Mar hoe sit it mei manlju, as it giet om spesifyk manlike eigenskippen?
Reagearje hjirûnder!

Geen opmerkingen:

Een reactie posten