Wat is de betsjutting fan dizze plaknamme? Kies út trije mooglikheden.
Akkrum:
A Komt fan twa manlju dy’t yn earder tiden mei it graven fan de Boarn oan de gong wienen en murken doe’t se achterom seagen dat de Boarn krom wie en rôpen doe: Ah... krom!
B De namme is nei alle gedachten ôflaat fan it Aldfryske ake (betsjutting: fiskdaam) mei de meartalsútgong –en of –um. Akkrum betsjut dan: by de fiskdammen.
C Komt fan it Aldfryske Akringaheem, letter wurden ta Akkrum, in namme op –um, lykas der mear yn Fryslân binne. It betsjut dan ‘heem’ (wenplak) fan de Akringa’s.
Klik hjir foar it goede antwurd
Geen opmerkingen:
Een reactie posten