Tsjutte, oantsjutte, betsjutte ensfh. hawwe yn it Hollânsk fansels de wjergaders duiden, aan- en beduiden ensfh. Dat is wol dúdlik. Mar wêrom hat it Frysk dan net in wurd tsjutlik?
It
Fryske ‘ferdútse’ hat deselde oarsprong en komt fan in âld wurd foar
folk. It gong oarspronklik om útlis oan it folk. Soenen wy in wurd as dútslik te Frysk fine?
dinsdag 31 januari 2012
dinsdag 24 januari 2012
Moargen
Op
it keatslân yn Winaam stiet op de kantine ‘De Moargen’. Party lju witte
net mear dat in moargen in lânmjitte is. Yn Fryslân komt dy beneaming
it meast op It Bilt foar. In moargen is in stik lân sa grut dat it op
ien moarn ploege wurde kin. Op It Bilt koe men mear as earne oars, want
de Biltske moargen is 92 are, wylst bygelyks de Rynlânske 85 en de
Gelderske mar 32 are is.
Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal? Klik op: moargen
(en set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten')
Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal? Klik op: moargen
(en set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten')
dinsdag 17 januari 2012
Lavet
In
lavet is net allinne in ûnderstel fan in kanon, mar ek in baai- of
waskkûpe. Lavetten waarden nei de oarloch gauris yn wenningbouwennings
pleatst. By ‘lavet’ tinke je faaks oan it Frânske tiidwurd ‘laver’
(waskje), mar it moat ek de ôfkoarting wêze fan de betinkers fan dy
grutte waskbak: (R.R.) Laupman, (H.) van der Eerde en (F.H.P.) Trip.
Klik foar it Nederlânske Wikipedia-artikel oer lavet en hjir foar mear ynformaasje
Klik foar it Nederlânske Wikipedia-artikel oer lavet en hjir foar mear ynformaasje
dinsdag 10 januari 2012
Twa ferskillende g-lûden
Hollanners en Friezen sprekke ’80’ op krekt deselde wize út, mar yn letters skriuwe se it ferskillend: tachtig en tachtich.
Kinne wy dan sizze dat de iene taal it goed docht en de oare ferkeard?
Nee, by it fêststellen fan staveringsregels kinne ferskillende
arguminten meispylje. Dêr kin ferskillend oer tocht wurde. Hokfoar
ferskillende arguminten soenen meispile hawwe?
dinsdag 3 januari 2012
Russyske keizer
De oergong fan k nei ts(j) yn wurden as kaas – tsiis, ketel – tsjettel wurdt assibilaasje neamd.
It Latyn hat dat ferskynsel ek meimakke. It wurd keizer komt fan de namme (Julius) Caesar. It Russyske tsaar allyksa, omdat caesar earst mei in k útsprutsen waard en letter mei ts. Witte jo faaks noch mear foarbylden?

Abonneren op:
Posts (Atom)