dinsdag 24 november 2015

joechei!



Yn it Nederlânsk bestiet it wat âlderwetske wurd 'joechei' dat neffens Van Dale in 'uitroep van vreugde' is: “joechei, joechei, 't is in de maand van mei”! It Frysk hat dat wurd út it Nederlânsk liend en yn de literatuer en wurdboeken stiet it as 'jûchhei': "It is wer maitiid. Jûchhei"! 

Wat daliks opfalt is dat it mei in û skreaun wurdt en mei twa kear in h: jûch+hei. Yn de nije staveringshifker en de Foarkarswurdlist foar it Frysk stiet it lykwols as 'joechei', krekt as yn it Nederlânsk. Hoe kin dat no, in flater yn de staveringshifker? It liket derop dat de eardere wurdboekmakkers tocht hawwe dat it fan 'jûchje' (= Ned. juichen) + 'hei' kaam. Mar it komt yn it Nederlânsk net fan 'juichen' en dus ek net fan 'jûchje' en dêrom moat de Fryske foarm krekt as yn it Nederlânsk gewoan mei oe en ien h skreaun wurde: joechei.

woensdag 4 november 2015

Stal

It Frysk hat mannich wurden om ien syn stal ('gestalte') mei te omskriuwen. Wa't groubonkich of groubyntich is, is swier boud. Ien dy't groulivich is kin ek in pampes neamd wurde, in 'ierappelliif hawwe' of 'bûkich' wêze. Fan ien dy't moai fan uterlik is wurdt sein dat hy of sy tsjep, knap of kreas is. Oer in (jonge) frou kin men sizze dat se mûtel of prûs is. Dat betsjut dat se der goed en glânzich útsjocht. It tsjinoerstelde is der rûpsk útsjen: dof, meager, net sûn. Wa't meager is kin ek  bonkich, bonkerich, biennich of lijerich neamd wurde. En ha jim wolris heard fan ien dy't tsjalskonkich rint? Dy rint mei kromme skonken (as in tsjil).

dinsdag 20 oktober 2015

hurdkûters en hûnekoppen

Yn it nûmer 'rûchhouwer' fan de Fryske band De Hûnekop sjongt it refrein: ‘Ik bin in rûchhouwer, in rouwdouwer / In hurdkoeter, ...’. Eigenaardich wurd, dat ‘hurdkoeter’, of better stavere: hurdkûter. In hurdkûter is in ûnfersetlik persoan, in hurdkop. In hurdkûter is oarspronklik in hjerring mei kût. Neist ynmakke yn it soer of mei sâlt, wurdt hjerring ek wol rikke. Sa'n rikke hjerring of hurdkûter kin 'hurd kût' yn him hawwe en dat jildt as in delikatesse. Figuerlik brûkt is it dus in hurdkop en in echt wurdt foar de De Hûnekop!

woensdag 14 oktober 2015

Mei klam


De klam (‘klemtoon’) fan in wurd kin bepalend wêze foar de betsjutting fan it wurd. Der is yn it Frysk in aardich rychje tiidwurden (‘werkwoorden’) dat in oare betsjutting kriget as de klam oars lein wurdt. In foarbyld is 'ûndergean'. Leit de klam op ûnder, dan betsjut it 'nei ûnderen ta gean' (foarbyld: de sinne giet ûnder). Leit de klam op gean, dan betsjut it 'ûnderfine' (hy moast in operaasje ûndergean). As de klam op it earste wurdlid leit, wurdt it tiidwurd yn de doetiid skieden. Fergelykje: 'de sinne gie ûnder' en 'hy ûndergie in operaasje'. Mear foarbylden binne û.o. oerrinne, omklaaie, oerdriuwe, trochlibje, oerstreame, oerkomme. It ferskynsel docht him trouwens net allinnich foar by tiidwurden. Der binne mear wurden dy't fan betsjutting feroarje as de klam oars lein wurdt. In foarbyld is 'trochtocht', dat mei klam op it earste lid in haadwurd (‘zelfstandig naamwoord’) is, en mei klam op it twadde lid in eigenskipswurd (‘bijvoegelijk naamwoord’).

woensdag 7 oktober 2015

Is in dispút in petear?

Wurden yn it Frysk dy't mei ge- begjinne, dogge net sa Frysk oan en boppedat hawwe se hiel faak in frijwat negative gefoelswearde: gedoch, geheister en getsier. It Frysk hat ek geëamel, geseur en gepraat, mar net gesprek. Wy hawwe wol petear en petearje, dat oan it Frânske disputer ûntliend is en yn it Aldfrysk al as petēria (sûnder ‘dis’) foarkaam. Mar wêr is dat dis- eins bedarre? Waard dat faaks oanfield as in foarheaksel mei in negative konnotaasje en docht disputearje tinken oan diskwalifikaasje, disfunksje en disharmony? Yn alle gefal is it eins wol moai dat petear in neutrale betsjutting hat. Want wy kenne ek de wurden diskusjearje en disputearje en dêrby giet it om in striidpetear.