donderdag 21 november 2013

Stavering, logysk ta 'n hichte

Hoewol't de letterkombinaasje -sj- yn in protte gefallen as in ienheid beskôge wurdt, is oan de skriuwwize fan in wurd as spaasje te sjen dat de skieding fan wurdlidden lein wurdt tusken de s en de j. Dat betsjut dat spaas in sletten wurdlid is (mei dûbel-a). It is dus net spa-sje (iepen wurdlid). Soks jildt ek foar ga-raaz-je (net ga-ra-zje), plys-je (net pli-sje), fyz-je (net fi-zje), so-lús-je (net so-lu-sje), yl-lúz-je (net yl-lu-zje) ensfh. Mar hoe sit it no mei it wurd stasjon (sta-sjon)?  Wêrom is it net staas-jon? Of sprekke jo stasjon wier mei in koart a-lûd út?

woensdag 13 november 2013

Frije

'Frije' (en it Nederlânske 'vrijen') is in bysûnder wurd, omdat wy deroan sjen kinne hoe't taal feroaret. Yn foaroarlochske literatuer wie 'frije' noch soks as 'flirte', 'hofmeitsje', 'ferkearing hawwe'. Ik ken it benammen yn de sin fan 'krûpe en tútsjeboartsje', mar slút net út dat it lizzende wurk der ek diel fan útmakket. En yn in skoaltelevyzjeprogramma foar bern hear ik no dat in televyzjedokter in strikt ûnderskied makket tusken 'zoenen' en 'vrijen'. Dat lêste is dan synonym mei 'neuke'.

Klik op frije om te sjen wat it Wurdboek fan de Fryske taal seit (set in finkje efter
subbetekenissen | citaten )

woensdag 6 november 2013

-ingen en -ings

Wurden op -ing kinne yn it meartal de útgong -en en -s hawwe: Ien beweging, twa bewegingen, twa bewegings. It wurddiel -ing kin útsprutsen wurde: 
as -ing (de i wurdt as de i yn hikke útsprutsen) 
as 'eng' (krekt as de i yn bygelyks aaklik: 'aaklek'). 
As it as 'bewegeng' útsprutsen wurdt, dan is it bewegings. Is de útspraak mei 'beweging', dan is it bewegingen. Wy sizze it meast 'beweging' mei i, dus leit it foar de hân om bewegingen te skriuwen.
De foarm op -s giet troch foar geef Frysk en de foarm mei -en soe dan minder goed wêze, omdat it Nederlânsk dy ek hat. Mar it hat dus neat mei min of geef Frysk te meitsjen.


Lês mear by -ing yn it Wurdboek fan de Fryske Taal

woensdag 30 oktober 2013

Hat krige in n krigen?

Wat is goed, wurdt gauris frege: 
  • ik haw in boek krige 
  • ik haw in boek krigen
It antwurd 'it kin beide' is de fragesteller net bot tefreden mei. Hoe sit dat dan? It tiidwurd krije kin op twa manieren bûgd wurde. Foarst mei yn de doetiid ik kriich, do kriichst, hy kriich en wy krigen in boek; dêr heart it mulwurd krigen by. It mulwurd (voltooid deelwoord) fan in sterk tiidwurd einiget altyd op in -n.
By de twadde ferbûging fan krije komt yn de doetiid ik krige, do krigest, hy krige en wy krigen. Yn 'e notiid  is it yn dat gefal nammers net do krijst en hy krijt, mar do krigest en hy kriget. Dat is de ferbûging fan in je-tiidwurd (bgl. hymje, foarmje) en dêr heart as mulwurd by: ik haw krige (sûnder n). Wat fine jo derfan dat jo kieze kinne út dy mooglikheden? Ien dy't it Frysk as nije taal leart, hat grif leaver ien foarskreaune ferbûging...


maandag 14 oktober 2013

Terp


Yn de Fryske dialekten yn Dútslân begjint it wurd foar 'doarp' mei in t-. It Noard-Frysk hat 'toorp' of 'taarep' en it Sealterfrysk hat 'têrp'. Nuver dan dat ús Frysk 'doarp' hat, mei in d-. Dat komt trochdat ús wurd 'doarp' in Hollânsk lienwurd is, dat oan de Fryske klank oanpast wurden is. It Aldfryske wurd mei in t- bestiet noch wol yn ús Frysk, mar it hat in oare betsjutting krigen. It ferwiist no nei de bulte dêr't de doarpen tradisjoneel op boud waarden: 'terp'.

Klik hjir foar mear ynformaasje oer terp.
Klik op doarp en terp foar ynformaasje út it Wurdboek fan de Fryske Taal