Tusken Bremerhaven en Cuxhaven (Dútslân) oan oare kant rivier de Wezer leit "Land Wursten". It is in stripe klaailân fan sa likernôch 100 km² grut foar de sânrêch tusken boppeneamde stêden. Dêr lizze doarpen mei nammen as Weddewarden, Imsum, Mülsum, Misselwarden en Dorum. Dy nammen hearre aardich Frysk yn de earen en dat binne se ek. Ien fan de ferneamdste systematyske terpôfgravings mei dy fan Ezinge (Grinslân) wie dy fan Feddersen Wierde yn Lân Wûrsten.
Nei alle gedachten hawwe Friezen út East-Fryslân har dêr omtrint 1000-1200 nei wenjen set. Dat it Friezen wiene docht bliken út it Wûrster Frysk dat dêr oant likernôch 1700 de taal west hat. Ut dy tiid binne twa wurdlisten mei in beskriuwing fan it Wûrster Frysk fan doe oerlevere. It fierdere East-Frysk tusken Iems en Wezer wie doe al aardich yn it neigean rekke, útsein yn Harlingerlân en op Wangereach. Dat libbet hjoed-de-dei allinne noch fierder yn it Sealterlânsk.
It Wûrsterfrysk wie ta op in hichte unyk Frysk. Sa wie ien fan de bysûnderheden dat twaliddige wurden fan it Aldfrysk út har ûntjoegen ta ienliddige lykas sunu ta bygl. soan, ûntjoech him dat yn it Wûrsterfrysk krekt oarsom: fan sunu ta snuh. Lyksa Aldfrysk sumur (simmer) nei Wûrsterfrysk smuhr.
vrijdag 20 september 2013
vrijdag 13 september 2013
By Dokkum om nei Rome en Jeruzalim
De nammen fan stêden en doarpen wurde wol yn sechjes en siswizen brûkt. 'By Dokkum om gean' betsjut dat men gâns wurden nedich hat om wat te fertellen. Rome hat ek in plakje yn de taal krigen, omdat it in âlde, histoaryske stêd is. De útdrukking 'sa âld as de wei nei Rome' is ûntstien, om't it Romeinske Ryk as earste yn Europa ferhurde wegen oanlei. Mei Rome as wichtichste sintrum dêr alle wegen giene út wei giene.
De siswize 'in frjemdling yn Jeruzalim wêze' betsjut ûnbekend wêze mei de saken en persoanen fan de krite dêr't men wennet. Dat komt út de Bibel (Lukas 24:17). Twa manlju freegje dêr oan in foarbygonger oft er dan de iennichste is dy't frjemd yn Jeruzalim is, dat er net wit, wat him dêr de lêste dagen ôfspile hat. Dat sizze dy manlju omdat dy foarbygonger net op 'e hichte liket te wêzen mei de krusiging en opstanning fan Jezus, wylst elk it dêr doe oer hie.
De siswize 'in frjemdling yn Jeruzalim wêze' betsjut ûnbekend wêze mei de saken en persoanen fan de krite dêr't men wennet. Dat komt út de Bibel (Lukas 24:17). Twa manlju freegje dêr oan in foarbygonger oft er dan de iennichste is dy't frjemd yn Jeruzalim is, dat er net wit, wat him dêr de lêste dagen ôfspile hat. Dat sizze dy manlju omdat dy foarbygonger net op 'e hichte liket te wêzen mei de krusiging en opstanning fan Jezus, wylst elk it dêr doe oer hie.
vrijdag 23 augustus 2013
Klik en klyk
It Nederlânsk hat twa wurden 'kliek'. It iene kliek betsjut 'overschot van een maaltijd': (een kliekje hutspot), it oare kliek is 'besloten groepje personen die elkaar bevoordelen,' (dat bestuur is een grote kliek). Dit lêste kliek is ûntliend oan it Frânsk clique. Yn it Frysk komt it foar as klyk ('in klyk fan profiteurs'). It Fryske wurd foar 'oerbleaun iten' is net klyk mar klik: 'in klikje opwaarme makaroany'. In oar wurd foar klikje is krouske. Krous is ek in oantsjutting foar de klean dy't men oan hat: de wiete of smoarge krous útdwaan. Dêryn binne krous en klyk ek synonym, want men kin ek de wiete of smoarge klyk útdwaan.
Klik op klyk en klik foar mear ynformaasje.
Klik op klyk en klik foar mear ynformaasje.
donderdag 25 juli 2013
Steunkous of styphoas?
It rint yn de sprektaal soms nuver trochinoar. Fan âlds wurde skonken yn it Frysk beklaaid mei hoazzen (sprek út: ‘waazen'), in wurd dat noch wol gongber is yn de sprektaal. Fier foardat froulju pantys oandienen, droegen se hoazzen. Yn it Nederlânsk binne dat kousen. Der besteane ek hoazzen dy't net oan boppen ta oer de skonken strûpt wurde, mar ûnder de knibbel ophâlde. Dy hjitte yn it Nederlânsk kniekousen en soenen yn it Frysk eins knibbelhoazzen neamd wurde moatte. Yn de skriuwtaal komt dat ek wol foar, mar is it wol sprektaal? En steunkousen, binne dat yn it Frysk dan styphoazzen?
donderdag 18 juli 2013
In lekker wyntsje
Giet it yn ‘in lekker wyntsje’ om wyn as de frucht fan de wynstôk of om wyn
as de beweging, streaming fan lucht? Twa wurden dy't in ferskillende
betsjutting hawwe, mar gelikens útsprutsen en gauris gelikens skreaun
wurde, wurde homonimen neamd. Wyn - wyn is sa'n wurdpear. In
oar homonym wurdpear is hurd: ‘Dy auto rydt te hurd’ en ‘de iepen hurd
baarnt mar bêst.’ By dit pear is der ferskil yn wurdsoarte, en dan falt
al gau op dat it om twa ferskillende wurden giet. Mar by ‘wyn’ is suver
alles itselde: de skriuwwize, de útspraak, de wurdsoarte, it meartal en
it ferlytsingswurd. Yn sa'n gefal moat der wat mear omtekst by om it te
begripen: ‘sile mei in lekker wyntsje yn it seil en in lekker wyntsje yn
it glês.’
Abonneren op:
Posts (Atom)