dinsdag 9 november 2010

famke en fanke

It wurd famke is bysûnder. It hat nammentlik in oanropsfoarm (fokatyf), dy't brûkt wurdt by it oansprekken fan fammen en froulju. Dy foarm is fanke. Ik hear no ek wol 'Hoi, famke', mar fan âlds seinen Friezen altyd 'Hoi, fanke!'

Klik hjir foar Wurdboek fan de Fryske taal: famke
Klik hjir foar Wurdboek fan de Fryske taal: fanke

dinsdag 2 november 2010

Wat binne de bisten tsjelreauwich!

In alderapartst wurd is 'tsjelreauwich'. It betsjut 'skrikkerich', 'gau fan 'e mik'. Letterlik betsjut it 'kjellivich': 'tsjel' is itselde wurd as 'kjel' (bang, benaud) en 'reau' is in âld wurd foar 'lichem'. Men kin tsjelreauwich wêze, mar ek tsjelreauwich piipje of snetterje.
Klik hjir foar Tsjelreauwich yn it Wurdboek fan de Fryske Taal

dinsdag 26 oktober 2010

In manlike ko?

Hoewol't in ko fan it froulik geslacht is, hawwe wy it oer hy, syn en him as wy oer de ko (en oare froulike bisten) prate: de ko syn poat is net goed. De feedokter moat by him komme. Hy moat in penisilline-spuit ha.

zaterdag 9 oktober 2010

De liuw fan Ljouwert

De namme Leeuwarden hat neat mei in 'leeuw' (liuw) te krijen. Hoe sit dat? Dat ‘leeuw’ hat te krijen mei in earder Frysk wurd foar 'lijte' dat yn it Germaansk dêrfoar sokssawat as ‘hleunjo’ wie. Ljouwert is nei alle gedachten ûntstien as ‘werth’ (terp) yn in lije bocht fan de Middelsee.

maandag 20 september 2010

Taalbaas Nammekunde

Wat is de betsjutting fan dizze plaknamme? Kies út trije mooglikheden.
Warns:
A Komt fan it Fryske tiidwurd jin ferwarje nei oanlieding fan de slach by Warns dy’t dêr plak fûn hat.
B Komt fan de persoansnamme Ward en Aldfrysk –ingi. Warns betsjut dan folk fan Ward.
C Komt fan de persoansnamme Ward en it wurd ‘loo’, dat boskje betsjut. Warns betsjut dan boskje fan Ward.

Klik hjir foar it goede antwurd