woensdag 10 februari 2016

Adamje en ezelje?

Der binne twa wurden foar ‘wurk dwaan’: arbeidzje en wurkje. Fan âlds is arbeidzje mear mei de lea wurkje: hja arbeidet op it lân. Wurkje is dan gewoan ‘wurk dwaan’: hy wurket op in kantoar, mei de kompjûter. Tsjintwurdich is dat ferskil wat weifallen.
It Frysk hat foar swier, hurd, oanhâldend arbeidzje allegear ferkillende wurden: adamje, bealgje, beune, ezelje, hûdzje, ploegje, ploeterje, poddebûkje, slaavje, wjirmje, wrame, wrotte.
Tige hurd wurkje of arbeidzje: kromlizze, ôfbeune, ferbeule, ôfbealgje, ôfbeule, jin de neilen fan 'e teannen of fingerseinen skreppe en arbeidzje as in ezel, hynder, wyld, wriggert.
Men kin ek te fûl arbeidzje, dat de sûnens der ûnder lijt, dat neame wy: jin dea-ezelje, deabealgje, deamoardzje, jin lam arbeidzje.
In noflike wurkdei fierder!

1 opmerking:

  1. neffens my mist yn it rychje fan 'wurk'wurden noch labeur(j)e.
    Yn it labeur wêze, of yn it labeur(j)en wêze betsjut 'oan 't wurk wêze.
    Dat wurd is grif besibbe oan it Ingelske labour en dat sil in Latynske oarsprong hawwe (labor)

    C. Veenendaal
    Trimbeets

    BeantwoordenVerwijderen