woensdag 19 augustus 2015

It fynmeitsjen fan ierappels


Hoewol't it bûten de doar taboe is, meie in soad minsken harren iten graach peie. It wurd 'peie' (Nederlânsk: 'prakken') wurdt meastal brûkt foar it fynmeitsjen fan ierappels. Mar men kin ek brune beane of grienten peie. It Frysk hat gâns ferskillende wurden foar de aktiviteit fan it fynmeitsjen fan iten op it board: platsje, prakje, prykje, prûze, tepeie en tsjamkje. Soe dy fariaasje oan foarmen wat sizze oer de Friezen en harren pei-gewoanten? It peien fan iten skynt trouwens net sa ferkeard te wêzen: it lichem kin beskate stoffen dan makliker opnimme. Pei mar ta en yt lekker!

Geen opmerkingen:

Een reactie posten