woensdag 27 mei 2015

Skyt-, stront- en rot-

Yn it Frysk besteane der ferskillende foarheakseleftige wurden dy’tst brûke kinst om ôfkarring út te drukken. In ferfelend boek kinst in rotboek, skytboek of strontboek neame. Dy 'foarheaksels' wurde net allegearre itselde brûkt. Skyt- wurdt faak brûkt by ferlytsjende wurden. Tink mar ris oan in skytlytsbytsje. Stront- docht it goed by eigenskipswurden: stronteigenwiis, strontferfelend. Rot- is júst wer goed te kombinearjen mei haadwurden: rotfyts, rotbist

Geen opmerkingen:

Een reactie posten