dinsdag 19 mei 2015

Foarsizze wat in oar opskriuwe moat

20 maaie stjoert Omrop Fryslân it Grut Frysk Diktee 2015 út. It wurd ‘diktee’ skriuwe wy yn it Frysk mei in k (want dy sizze wy ek!) en yn it Nederlânsk mei in c: ‘dictee’. It is in lienwurd en komt fan it Frânske wurd ‘dictée’ dat wer fan it tiidwurd ‘dicter’ komt en it selde betsjut as ús ‘diktearje’. Uteinlik is ‘dicter’ dan wer Latyn en yn dy âlde taal betsjut it ‘foarsizze wat in oar opskriuwe moat’. Om de haadpriis fan it Grut Frysk Diktee te winnen moatte de kandidaten dy betsjutting har mar goed neinimme!

Geen opmerkingen:

Een reactie posten