donderdag 14 maart 2013

Nóch in heit of mem


Foarst en oard wol sizze: (de) earste en (de) twadde yn b.g. de foarste en de oarde printing fan in boek. Dat oard sit û.o. yn oardel (oardeheal = 1½).  Oarde is ek werom te finen yn oarreheit en oarremem. Dat binne oare beneamings foar pake en beppe. It plak fan pake en beppe yn in húshâlding waard blykber besjoen as in twadde heit en mem. Om't der twa pakes binne, ien fan heitekant en ien fan memmekant, is it wol maklik dat der twa wurden foar binne: de iene is pake en de oare is oarreheit. Beppe en oarremem lyksa. Wa brûkt dy wurden noch?

1 opmerking:

  1. Orremem, in een akte uit 1687 in Tresoar, toegang 13-16, Nedergerecht Harlingen, Weesboek inv.nr 180, over Ynske Ruurds grootmoeder.

    BeantwoordenVerwijderen