It Frysk lient oan ien tried wei wurden út it Nederlânsk, mar it hat
ek wol oarsom west. Guon hiele gewoane Nederlânske wurden binne fan
Frysk komôf. Ien sa'n wurd is 'eilân'. Dat is nammers al hiel lang lyn
ûntliend. It komt foar it earst yn it Nederlânsk foar yn in tekst út it
jier 1240. It wurd 'ei' betsjut 'wetter'. Besibbe foarmen fine wy yn
wetternamen lykas (Dokkumer) Ie. Yn de namme fan it eilân Skiermûntseach
fine wy de foarm 'each', dy't dêr ek oan besibbe is. En de ø yn de
Noarske eilânnamme Utøya is fan itselde komôf.
Foar mear ynformaasje oer eilân, Sjoch op Etymologiebank.nl
Geen opmerkingen:
Een reactie posten