Taalwebloch mei nijsgjirrige taalnijtsjes en taalgrúskes. Redaksje: Ed Knotter, Hindrik Sijens en Richt Sterk.
dinsdag 6 november 2012
Teie of rane?
Nei de winter teie iis en snie. En as wy pankoekbakke wolle, dan litte
wy de bûter rane. Mar wat dogge in iisko op in stokje en softiis yn in
hoarntsje? Teie dy yn 'e sinne of rane se? Wat sizze jo?
It Wurdboek fan de Fryske Taal oer teie en rane? (set in finkje yn de fekjes 'subbetekenissen' en 'citaten')
Geen opmerkingen:
Een reactie posten