It bywurd ‘gelyk’
betsjut yn it Frysk ‘op deselde wize’ (dat skriuwe jo gelyk), ‘op deselde
ôfstân’ (it rint lang net gelyk) of ‘mei in selde oantal punten’ (fjouwer
earsten gelyk). It giet hieltyd om it- of deselde. Gelyk betsjut yn it Frysk
net ‘daliks’ (Ik kom gelyk). Dan is it in hollanisme dat men te faak heart.
En fansels hat it Hollânsk it brûken fan "gelijk" yn 'e betsjutting fan fuortdaliks wer fan it Dútsk: Ich komme gleich.
BeantwoordenVerwijderenIt Frysk sil it wol net fan it Dútsk oernommen hawwe, tinkt my. De bedriging fan it Hollânsk is dus wol hiel grut.
C. Veenendaal
Trimbeets