dinsdag 13 november 2012

In Amerijke

Witte jo wat in amerijke is? Dat is in in koart skoftsje tiid, mar efkes. Men kin bygelyks om 'in amerij(ke) geduld' freegje, sa't Omrop Fryslân foarhinne by in steuring die. 'Amerij' is in ferbastering fan 'ave Maria'. It giet tebek op de tiid dy't it bidden fan it Ave Maria-gebed duorret (in koart gebed, net hiel lang dus).

Geen opmerkingen:

Een reactie posten