dinsdag 21 augustus 2012

Rikje jo ek (wer)?

It falt op dat der tsjintwurdich wer mear smookt wurdt. Faaks is it better om te sizzen dat der mear rookt wurdt, want dat wurd hearre wy it meast as it om 'e konsumpsje fan sigaretten giet. In skoarstien rikket (rikje is ôflaat fan reek), mar ús wurd smoke is besibbe oan it Ingelske to smoke. Is it net nuver dat de ynfloed fan it Ingelsk op it Frysk, dy't tige grut is, dochs wer lytser is as de ynfloed fan it Hollânsk op ús taal?
Wat seit it Wurdboek fan de Fryske Taal oer:
(set in finkje yn de hokjes 'subbetekenissen' en 'citaten' om it hiele artikel te lêzen)

2 opmerkingen:

  1. Ja, eins is it frjemd dat de ynfloed fan it Hollânsk grutter is as de ynfloed fan it Ingelsk. Wylst elts wol wit wat 'smoke' yn it Ingelsk is, komt it dochs frjemd oan as wy it yn it Frysk oer 'smoken' hawwe. Alteast yn myn earen.
    Lokkich dat de earste sin yn myn omjouwing net fan tapassing is; der wurdt hieltyd minder rookt, ik bedoel smookt, as earder.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. No der hjir sa oer skrean wurdt op dit niveau wol ik graach ynbringe dat ik út de Fryske skiednisboeken opmurken haw dat it Frysk de "Roots" is fan de Ingelske taal. Dat is bard ûnder kening Higgest werfan in stânbyld stiet yn Kent.De Fryske enclave hat it Ingelsaksysk ferdrean út it grutste part fan Ingelân. Men moat wol yn acht nimme dat der doe oars Frysk praat waard as hjoed de dei.
    Jammer dat dit net ynbrocht is want it wurdt te faak ferkeard nei foarren brocht.

    BeantwoordenVerwijderen