dinsdag 11 oktober 2011

Baarmoeder of skûlliif?

'Baarmoeder' is net in maklik wurd om yn it Frysk oer te setten. By kij hat men it oer de 'liifmoer' of 'limoer' en guon brûke dy wurden ek wol foar minskefroulju. It wurd 'skûlliif' fan skriuwer Willem Abma heart men ek wol. Of wit ien der noch in moai(er) wurd foar?
Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal? Klik hjir:
limoer
skûlliif
(Set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten') 

7 opmerkingen:

  1. Wat tinkt jimme fan Bertemem

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Noch in nij betinksel: POPPEDOAS.

    Symen Schoustra

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Achte lêzers,

    Fan frou De Vries út Wommels ha wy twa suggestjes krigen dy't wy jim net ûnthâlde wolle: 'waarm(e)see' en 'snoekskûle'.

    BeantwoordenVerwijderen
  4. Achte lêzers,

    Wy hawwe wer twa reaksjes oer de post krigen. Fansels wolle wy dy graach mei jim diele.

    Frou Post fan Minnertsgea stelt út om 'baarmoeder' oer te setten as 'skûlnestke' of 'krûpplakje'. Frou Van Dyk fan Damwâld stelt 'memmeskurte' foar.

    BeantwoordenVerwijderen
  5. Johannes Rozenga20 januari 2012 om 13:55

    Yn myn famylje ha se it altiten oer in MEMMESKURTE hân. Alle oare wurden binne no betochte wurden, fyn ik. Sjoch ek it Fryskhânwurdboek.

    BeantwoordenVerwijderen