'Baarmoeder'
is net in maklik wurd om yn it Frysk oer te setten. By kij hat men it
oer de 'liifmoer' of 'limoer' en guon brûke dy wurden ek wol foar
minskefroulju. It wurd 'skûlliif' fan skriuwer Willem Abma heart men ek
wol. Of wit ien der noch in moai(er) wurd foar?
Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal? Klik hjir:
limoer
skûlliif
(Set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten')
Wat tinkt jimme fan Bertemem
BeantwoordenVerwijderenNoch in nij betinksel: POPPEDOAS.
BeantwoordenVerwijderenSymen Schoustra
Frouljusspultsje
BeantwoordenVerwijderenKreamponge
BeantwoordenVerwijderenAchte lêzers,
BeantwoordenVerwijderenFan frou De Vries út Wommels ha wy twa suggestjes krigen dy't wy jim net ûnthâlde wolle: 'waarm(e)see' en 'snoekskûle'.
Achte lêzers,
BeantwoordenVerwijderenWy hawwe wer twa reaksjes oer de post krigen. Fansels wolle wy dy graach mei jim diele.
Frou Post fan Minnertsgea stelt út om 'baarmoeder' oer te setten as 'skûlnestke' of 'krûpplakje'. Frou Van Dyk fan Damwâld stelt 'memmeskurte' foar.
Yn myn famylje ha se it altiten oer in MEMMESKURTE hân. Alle oare wurden binne no betochte wurden, fyn ik. Sjoch ek it Fryskhânwurdboek.
BeantwoordenVerwijderen