zaterdag 26 juni 2010

Taalbaas Stelling

Mear eigen Fryske wurden betinke tsjin fierdere ferhollânsking?

Meidat hieltyd mear wurden en útdrukkingsfoarmen oernommen wurde út it Hollânsk (en út it Ingelsk), bliuwt der fan it Frysk skielk neat mear oer as in regionaal kleure dialekt fan it Hollânsk. Yn de neikommende stelling giet it oer it tsjinkearen fan dat proses.

“Om fierdere ferhollânsking (en feringelsking) fan it Frysk foar te kommen, sille mear eigen wurden (nijfoarmingen of neologismen) betocht én ynfierd wurde moatte.” Mei iens/net mei iens?

1 opmerking:

  1. Mei iens! Mar mei humor! In moai foarbyld binne de wurden dy't der makke binne foar de komputer. In toetsenbord wurdt letterbak. Of picknicke -> leech by de grûn frette..
    Troch soksoarte orzjinele útfinings leeft it ek by de jongerein. It wurdt dan leuk om te witten wat it is. In spesjale side wer't jo maklik oan ditsoarte wurden komme kinne dy mist der no ek. Ik typ frij folle Frysk, mar sa'n side mis ik al.

    Friezen ha ek foaral ditsoarte humor, men kin altiid wol gniize om de bryke oersettings yn it Hollânsk dy't in bytsje DiepFries makket.

    BeantwoordenVerwijderen