zaterdag 5 juni 2010

Taalbaas Nammekunde

Fryske eksonimen

Wat binne eksonimen?
Eksonimen binne nammen yn de eigen taal foar plakken en wetters dy’t bûten it eigen taalgebiet lizze. Bekende eksonimen yn it Frysk binne Grins (foar de stêd Groningen) of Utert (foar Utrecht). It falt op dat fan plakken tichterby it meast eksonimen foarkomme. Dat seit himsels: yn de buert fan de oergong fan twa taalgebieten is der mear ûnderling ferkear. Sa binne ticht by of op de Fryske taalgrins fan hast alle plakken wol beneamings yn it Frysk en it Nederlânsk. Bygelyks: De Like (Leek), De Wylp (De Wilp) en Stienwyk (Steenwijk). Dy hawwe fansels ek Nedersaksyske beneamings, om’t se yn it Nedersaksyske taalgebiet lizze, bygl.: Stienwiek.

Untjouwing nei ien offisjele namme
De ûntjouwing fan de lêste tiid is dat foar algemien gebrûk langer mear de bûtenlânske offisjele namme oanholden wurdt. Sa kin men yn it Nederlânsk foar Dútske plakken noch wol de nammen Keulen en Aken tsjinkomme, mar net mear Dusseldorp en Frankfort of foar Frankryk wol Parijs en Straatsburg, mar net mear Rijsel (Lille), Robaais (Roubaix) en Atrecht (Arras).

Yn it Frysk wurde guon eksonimen stadich troch de Nederlânske foarm ferkrongen: De Like en Roan wurde langer yn it Frysk mear Leek en Roden. En nammen as Oark (foar Urk), Dimter (foar Deventer) of Swol (Zwolle) sil men net faak tsjinkomme. Utsein ien namme: Boarkum foar it eilân Borkum: dy is troch Durk van der Ploeg syn Foarby it Boarkumer fjoer út it ferjitboek helle.
Is it slim as datsoarte nammen út de taal ferdwine? It is fansels wol sa maklik: gjin betizing by de taalgrins (Nederlanners witte yn België net wat Rijsel op de buorden is). Of is it in stikje ferlies fan taalrykdom?

1 opmerking:

  1. Fryske eksonimen
    Ik tink dat it slim is as de Fryske eksonimen ferdwine,want oan elk fan dy nammen sil skiednis ferbûn wêze dy't foar Fryslân fan belang wêze kin.Bygl.it by it winter op redens in likeblom fan De Like helje. Wy witte dêr winliken fierst temin fan.
    - - -
    Jimme soene ris in kear yn Taalbaas oandacht jaan moatte oan it brûken fan "fuort". Partij lju brûke dat no op in folslein ferhearde wize. Bygl.: "Wêr komme jo fuort ?", fuorthelje, fuortnimme.

    BeantwoordenVerwijderen