maandag 21 juni 2010

Taalbaas: hun hawwe

Hun hawwe?

Foarnamwurden binne wurden dêr't persoanen mei oantsjut wurde. Yn it Frysk binne dat: ik, do, hja/sy/hy, wy, jo/jimme, hja/sy. Yn it Nederlânsk ik, jij, zij/hij/u, wij, jullie, zij. As ferdúdliking in Nederlânske foarbyldsin: zij hebben een boek gekocht. Yn de sin ik geef hun een boek is hun ek in foarnamwurd. Yn it Nederlânsk binne der in soad minsken dy't hun hebben een boek gekocht sizze kinne. Der is strideraasje oer oft dat goed Nederlânsk is of net. De grammatikaregels sizze dat it ferkeard is, mar as men de minsken sels freget, dan fine se it wol goed. De Nederlandse Taalunie fynt it net goed en seit dat it gjin standerttaal is.

Hun binne?
De boppeneamde sinnen binne yn it Frysk sa: hja hawwe in boek kocht en ik jou har(ren) in boek. De sin har hawwe in boek kocht is net neffens de regels fan de Fryske grammatika. Soe it wol sein wurde?
It Nederlânske hun komt wol foar yn it Frysk. Op it ynternet, dêr't de gewoane Friezen skriuwe, fynt men krekt as yn it Nederlânsk: "Hun binne ek jong west of net dan!", dêr't de grammatika de wurdsjes hja of sy foarskriuwt.
En yn de folgjende ynternetfoarbylden soe net hun, mar har(ren) stean moatte: "En wy kinne no al sizze: sommigen skrikke hun dea" en "... ek by hun binne net alle leden elts jier beskikber om te spyljen".

De regels foar hja/sy en har/harren binne hiel maklik: hun is Nederlânsk en bestiet yn de Fryske standerttaal net. Hun komme moat wêze: hja/sy komme. En by hun binne alle leden ... is yn it Frysk: by har(ren) binne alle leden ...

As der in Fryske Taaluny bestean soe, dan soe dy it op dy wize foarskriuwe moatte.

1 opmerking:

  1. De Fryske Taaluny bestiet neffens my al yn de foarm fan it Wurdboek fan de Fryske Taal en de AFÛK en de Fryske Akademy en en en. De lêste sin beart as bestie der sa'n 'orgaan' net foar it Frysk. Ik begryp dy lêste sin net. As der in Fryske Taaluny bestean soe, wat soe der dan oars wêze as no?
    Lútsen

    BeantwoordenVerwijderen