dinsdag 23 december 2014

Taaldiskriminaasje yn de eardere Sovjet Uny

Op it stuit is de politike situaasje fan Oekraïne in soad yn it nijs. Wat net in soad yn it nijs is, is dat it konflikt ek in grutte taalkomponint hat. Oekraïne wie jierrenlang part fan de Sovjet Uny west. It seit himsels dat der dêrom in soad minsken wenje dy't Russysk prate. Lykwols wurde minsken dy't Russysk sprekke slim diskriminearre en it is faak ferbean om Russysk te praten. Dat set kwea bloed by de Russysktaligen. In selde soarte fan ûntjouwing fine wy yn Letlân. 40% fan de befolking dêr praat Russysk. Yn de tiid fan de Sovjet Uny waard it Letsk krekt as de oare minderheidstalen ûnderdrukt. No is in omkearde beweging oan de gong en wurde de Russysktaligen diskriminearre. Sa mei it Russysk fan 2018 ôf net mear op skoalle brûkt wurde en geane de skoallen dy't yn it Russysk dosearje ticht. De Russysktaligen fiele harren oantaast yn harren identiteit en it ropt in soad wjerstân op. Foardat je it witte bart yn Letlân itselde as wat no yn Oekraïne bart. It is net foar neat dat lannen dêr't de minste konflikten binne, lannen binne dy't yn harren taalbelied positive oandacht hawwe foar minderheidstalen.

woensdag 3 december 2014

Lishoarnen út Livorno?

Guon wurden binne sa ferbastere dat je de oarspronklike wurden net mear weromkenne: Yn en om Drachten sizze de minsken tusearte foar (griene) beantsjes. Dat komt fan Turkse earte. Stynske weet is mais en komt fan Eastynjeske weet (‘Oostindische tarwe’). ‘Leg’ yn it Nederlânske ‘leghorn’ hat neat mei ‘leggen’ (lizze, aaien lizze) te meitsjen, nee it hinneras ‘leghorn’ is in ferbastering fan de Italiaanske plaknamme Legorno (hjoed-de-dei bekend as Livorno). Gouden lyskes binne apels fan it ras golden delicious. En titelroas (‘narcis’) komt fan ‘tideloas’ dat wer fan it Nederlânske ‘tijloos’ komt (fgl. ‘herfsttijloos’).

donderdag 27 november 2014

Poëtyske skimmels of skimmelige poëzy?

No’t it hjerst is, binne se wer op in soad plakken te sjen: poddestuollen. Guon fan dy skimmels drage hiele fraaie nammen. Hjir foar jim in lytse seleksje. Bygelyks it sompemoas-fjoerswamke, de puntmûtswaaksplaat en it sabeare feeëbankje. Guon nammen alliterearje sa moai dat se poëtysk oandogge: swarte skûtelbonkjeswam, stipstâlslymkop, ploaiplaatswamke. Der binne poddestuollen by dy’t neamd binne nei dingen: de biskopsmûtse en it filtich judasear bygelyks. En wat te tinken fan de donkere trompetswam? Der binne ek poddestuollen dy’t nei iten neamd binne. Rint it wetter jim al yn de mûle fan de bittere tsiisswam en de filtige maggyswam? Of dochs leaver in brunesûkerswam of in fiskswam?

woensdag 19 november 2014

Les dyn les

Ut ûndersyk docht bliken dat yn it Frysk twitterjende jongerein de dakjes en streekje net op de letters set. Wat in geseur, dy dakjes en streekjes: twa kear safolle toetsen yndrukke! Mar dakjes en streekjes helpe om de wurden goed te begripen: ferlykje ‘les dyn les ris wer’ mar ris mei ‘lês dyn les ris wer’. Men kin sizze: wat binne dat luie lju, dy twitterders, mar miskien kinne wy ek in nije stavering foar twitter ûntwerpe om misferstannen tefoaren te kommen. Kinne wy in nij, maklik teken op it toetseboerd foar de ê betinke, om lês en les útinoar te hâlden?

woensdag 12 november 2014

In profesjonele styl

It Fryske wurd styl (fêste, gebrûklike wize fan dwaan/gehiel fan karakteristike útdrukkingsfoarmen) is yn it Hollânsk stijl. Dy taal hat ek it (fer)âldere wurd stiel, mar dat is hiel wat oars: beroep, ambacht. In Fryske sjongeres hat yn in fraachpetear mei in sjoernalist fan in Hollânsktalige krante wat sein oer har wize fan sjongen. “Dat is mijn stiel.” stie der te lêzen. Yn it stikje gong it lykwols net oer it fak, mar oer de ‘zangstijl’. Soe sy faaks by fersin styl (frisisme) tsjin de kranteman sein hawwe, wylst se stijl bedoelde?