Wat is goed, wurdt gauris frege:
- ik haw in boek krige
- ik haw in boek krigen
It antwurd 'it kin beide' is de fragesteller net bot tefreden mei. Hoe sit dat dan? It tiidwurd krije kin op twa manieren bûgd wurde. Foarst mei yn de doetiid ik kriich, do kriichst, hy kriich en wy krigen in boek; dêr heart it mulwurd krigen by. It mulwurd (voltooid deelwoord) fan in sterk tiidwurd einiget altyd op in -n.
By de twadde ferbûging fan krije komt yn de doetiid ik krige, do krigest, hy krige en wy krigen. Yn 'e notiid is it yn dat gefal nammers net do krijst en hy krijt, mar do krigest en hy kriget. Dat is de ferbûging fan in je-tiidwurd (bgl. hymje, foarmje) en dêr heart as mulwurd by: ik haw krige (sûnder n). Wat fine jo derfan dat jo kieze kinne út dy mooglikheden? Ien dy't it Frysk as nije taal leart, hat grif leaver ien foarskreaune ferbûging...
Yn de
Fryske dialekten yn Dútslân begjint it wurd foar 'doarp' mei in t-. It
Noard-Frysk hat 'toorp' of 'taarep' en it Sealterfrysk hat 'têrp'. Nuver dan
dat ús Frysk 'doarp' hat, mei in d-. Dat komt trochdat ús wurd 'doarp' in
Hollânsk lienwurd is, dat oan de Fryske klank oanpast wurden is. It Aldfryske
wurd mei in t- bestiet noch wol yn ús Frysk, mar it hat in oare betsjutting
krigen. It ferwiist no nei de bulte dêr't de doarpen tradisjoneel op boud
waarden: 'terp'.
Klik hjir foar mear ynformaasje oer terp.
Klik op doarp en terp foar ynformaasje út it Wurdboek fan de Fryske Taal
Tusken Bremerhaven en Cuxhaven (Dútslân) oan oare kant rivier de Wezer leit "Land Wursten". It is in stripe klaailân fan sa likernôch 100 km² grut foar de sânrêch tusken boppeneamde stêden. Dêr lizze doarpen mei nammen as Weddewarden, Imsum, Mülsum, Misselwarden en Dorum. Dy nammen hearre aardich Frysk yn de earen en dat binne se ek. Ien fan de ferneamdste systematyske terpôfgravings mei dy fan Ezinge (Grinslân) wie dy fan Feddersen Wierde yn Lân Wûrsten.
Nei alle gedachten hawwe Friezen út East-Fryslân har dêr omtrint 1000-1200 nei wenjen set. Dat it Friezen wiene docht bliken út it Wûrster Frysk dat dêr oant likernôch 1700 de taal west hat. Ut dy tiid binne twa wurdlisten mei in beskriuwing fan it Wûrster Frysk fan doe oerlevere. It fierdere East-Frysk tusken Iems en Wezer wie doe al aardich yn it neigean rekke, útsein yn Harlingerlân en op Wangereach. Dat libbet hjoed-de-dei allinne noch fierder yn it Sealterlânsk.
It Wûrsterfrysk wie ta op in hichte unyk Frysk. Sa wie ien fan de bysûnderheden dat twaliddige wurden fan it Aldfrysk út har ûntjoegen ta ienliddige lykas sunu ta bygl. soan, ûntjoech him dat yn it Wûrsterfrysk krekt oarsom: fan sunu ta snuh. Lyksa Aldfrysk sumur (simmer) nei Wûrsterfrysk smuhr.
De nammen fan stêden en doarpen wurde wol yn sechjes en siswizen brûkt. 'By Dokkum om gean' betsjut dat men gâns wurden nedich hat om wat te fertellen. Rome hat ek in plakje yn de taal krigen, omdat it in âlde, histoaryske stêd is. De útdrukking 'sa âld as de wei nei Rome' is ûntstien, om't it Romeinske Ryk as earste yn Europa ferhurde wegen oanlei. Mei Rome as wichtichste sintrum dêr alle wegen giene út wei giene.
De siswize 'in frjemdling yn Jeruzalim wêze' betsjut ûnbekend wêze mei de saken en persoanen fan de krite dêr't men wennet. Dat komt út de Bibel (Lukas 24:17). Twa manlju freegje dêr oan in foarbygonger oft er dan de iennichste is dy't frjemd yn Jeruzalim is, dat er net wit, wat him dêr de lêste dagen ôfspile hat. Dat sizze dy manlju omdat dy foarbygonger net op 'e hichte liket te wêzen mei de krusiging en opstanning fan Jezus, wylst elk it dêr doe oer hie.
It Nederlânsk hat twa wurden 'kliek'. It iene kliek betsjut 'overschot van een maaltijd': (een kliekje hutspot), it oare kliek is 'besloten groepje personen die elkaar bevoordelen,' (dat bestuur is een grote kliek). Dit lêste kliek is ûntliend oan it Frânsk clique. Yn it Frysk komt it foar as klyk ('in klyk fan profiteurs'). It Fryske wurd foar 'oerbleaun iten' is net klyk mar klik: 'in klikje opwaarme makaroany'. In oar wurd foar klikje is krouske. Krous is ek in oantsjutting foar de klean dy't men oan hat: de wiete of smoarge krous útdwaan. Dêryn binne krous en klyk ek synonym, want men kin ek de wiete of smoarge klyk útdwaan.
Klik op klyk en klik foar mear ynformaasje.