dinsdag 14 december 2010

Raerd en Raard rare doarpen?

Binne Raerd en Raard rare doarpen? Grut Raerd yn Boarnsterhim en Lyts Raard by Dokkum. Wa wit, mar de namme betsjut hiel wat oars. Aldere foarmen binne Rawerth, Rauwert en Raedwert. De betsjutting dêrfan is wierskynlik terp mei reid fan Germaansk hriad en werth.

dinsdag 7 december 2010

"Elkien" is foar eltsenien!

De namme fan de Fryske wenningkorporaasje "Elkien" is net foar eltsenien daliks begryplik. Elkien is Frysk foar it Hollânske "iedereen". It wurdt útsprutsen mei it ôfgeande twalûd ie [i-uh]. Der binne mear farianten fan dat wurd. De wenningkorporaasje "Elkien" hie him nammentlik ek eltsien neame kinnen, elkenien, eltsenien, of sels elkmis.

Klik hjir foar elkenien yn it Wurdboek fan de Fryske taal

dinsdag 30 november 2010

Moster as takkebosk

Yn de siswize Immen troch de moster fiterje is moster net it guod om iten skerp mei te meitsjen, mar is it in takkebosk dat foar in brânsteapel brûkt wurdt. De siswize betsjut immen fiks oanpakke. Immen dus troch de tûken jeie. Ferlykje it Nederlânske door de mosterd slepen.

Klik hjir foar it Wurdboek fan de Fryske taal: moster II

dinsdag 23 november 2010

Sex yn Sexbierum?

It wurdsje sex hat hjir, al hoe grappich guon dat ek fine, neat út te stean mei it wurd seks. Sex yn Sexbierum slacht op de namme Sixtus II, in hillich ferklearre paus út de tredde ieu. It Fryske seis fan Seisbierrum is dêr in ferbastering fan en hat dus ek neat mei it getal seis te krijen.

dinsdag 16 november 2010

Wat is it Ongerslân?

Yn Ierlân wenje Ieren en yn Letlân Letten of Letlanners. Belgen wurde ek wol Belzen neamd, want se libje yn it Belzelân, in oare Fryske beneaming foar België. Foar Hongarije (das Land der Ungaren, op syn Dútsk) is der noch in moaiere beneaming: It Ongerslân.

Klik hjir foar Wurdboek fan de Fryske taal: Ongerslân