woensdag 1 februari 2017

Te moai om wei? (2)


'In hean frommeske'. Wêr tinkst dan oan, wat is der mei sa'n persoan? Soe se kreas wêze, of leaf, of ferfelend? Hean is ien fan dy wurden dy't stadichoan ferdwûn binne út de Fryske omgongstaal. It betsjut 'net tierich, meager, spjochtich', meast sein fan minsken of bisten, mar ek wol fan lân dat skriel, ûnfruchtber is. In moai gebrûk fan hean fine wy yn dit sitaat fan Steven de Jong (De Wuttelhaven del): 'do moatst al ite, oars bliuwst mar sa'n hean prikje.' Hean kin ek wêze 'krap, nauslutend': in hean jaske is in te krap jaske. Wat moatte wy mei sa'n wurd as 'hean': stil weiwurde litte of is it te moai om wei?

Geen opmerkingen:

Een reactie posten