donderdag 10 december 2015

Gûle en skrieme


Janke, jankje, gûle, krite, lipe, skrieme, trieneagje en trienje, it binne allegearre wurden foar 'triennen streame litte fan fertriet'. De earste twa hawwe in ûngeunstige betsjutting as it om minsken giet en wurde ek faak brûkt foar bisten. Se kinne ek de betsjutting ha fan seure, kleie. (It wurd 'janke' bestiet trouwens ek as frouljusnamme en as gerjocht: 'gleone Janke' is stamppot fan swiete apels, ierappels en fleis.) De oare wurden ha net de ûngeunstige betsjutting dy't 'janke' en 'jankje' ha. Fansels kin de kontekst dêr’t se yn brûkt wurde de betsjutting wol ûngeunstich meitsje, bygelyks yn 'skrieme as in wrakke tsiis'. Dat betsjut dat ien mei in soad triennen gûlt, want in wrakke tsiis is in tsiis mei in soad focht. Trieneagje en trienje wurde meastentiids brûkt yn harren earste betsjutting fan 'trienjende eagen hawwe'.

1 opmerking:

  1. De jank- en gûlwurden binne hjir wol wat maklik byinoar fage. It giet om triennen, mar ek om lûd: janke en gûle kinne sels wol sûnder triennen. Yn de omskriuwing is fertriet as oarsaak fna 'e triennen net genôch. Fytsend yn 'e wyn of yn 'e kjeld kriget men gauris de triennen yn 'e eagen. Wat heger de jierren, wat mear triennen, tinkt my. Dêr is neat fertrietliks oan.
    By fûle pine kin dat ek: de tosken op inoar en net gûle, mar men triennet of trieneaget lykwols!
    Triennen 'streame' fan fertriet (emoasje, jawis, dus ek fan blidens), fan kjeld en fan pine.

    Dit is in oanfolling fan
    C. Veenendaal
    Trimbeets

    BeantwoordenVerwijderen