dinsdag 8 november 2011

Oerterp


Frjemd dat men yn De Wâlden in doarp tsjinkomt mei "terp" yn de namme. Mar "terp" komt hjir fan it Aldfryske "therp", dat doarp betsjut. Letter is it de hichte wurden dêr't in doarp op leit. It oarspronklike wurd foar terp is "werth" . It aardige is dat dat wurd foar terp wol bewarre is yn it Grinslânsk, ntl. "wierde". Moatte we dat foar it Frysk ek mar wer sa ynfiere?

Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal?
terp
wier

(Set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten')

Geen opmerkingen:

Een reactie posten