dinsdag 14 juni 2011

Yn 't skip skeppe is skypje

Skypje en skeppe binne twa ferskillende tiidwurden. Skeppe (skoep, skepen) betsjut: meitsje, út it neat ta stân bringe. Skypje is letterlik yn it skip lade (Hollânsk: "inschepen"). As jo mei eat opskipe sitte, is dat meastal ûngeunstich. Kjeld skypje bygelyks. Mar kin men ek in goede eigenskip of gewoante skypje (oerervje of oanleare)?

Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal? Klik hjir:
skypje
skeppe
(Set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten')

Geen opmerkingen:

Een reactie posten