dinsdag 7 december 2010

"Elkien" is foar eltsenien!

De namme fan de Fryske wenningkorporaasje "Elkien" is net foar eltsenien daliks begryplik. Elkien is Frysk foar it Hollânske "iedereen". It wurdt útsprutsen mei it ôfgeande twalûd ie [i-uh]. Der binne mear farianten fan dat wurd. De wenningkorporaasje "Elkien" hie him nammentlik ek eltsien neame kinnen, elkenien, eltsenien, of sels elkmis.

Klik hjir foar elkenien yn it Wurdboek fan de Fryske taal

4 opmerkingen:

  1. Bytsje spitich dat ik dan op 'e radio hieltyd hear yn harren reklame dat de bedriuwsnamme as 'el-kien' yn stee fan 'elk-ie-juhn' útsprutsen wurdt.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. Bytsje spitich is wol hiel foarsichtich sein!
    Dit tsjinnet ta neat!
    Meitsje der dan "Bokwerders" fan en siz, as Piter Wilkens en Rink van der Velde, "Elkeen"

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Annemieke Reitsma9 december 2010 om 10:28

    As je Elkien oersette yn it Nederlansk dan krije jo net in fertaling fan 'iedereen'. Eltsenien en Elkenien joue dizze oersetting wol. Elkien moatte je besjen as in net besteand wurd mei in kwinkslag nei it fryske 'eltsenien' en 'elk ien'. As Fryske korporaasje fyne wy it wichtig dat ús fryske roots herkenbaar binne mar dat ús namme ek troch net frysktalige minsken útsprutsen wurden kin. Fan dêr dat yn de namme Elkien net it twalud te hearen is mar de koarte 'ie'.

    BeantwoordenVerwijderen
  4. 'Elkien' is net in net-besteand wurd. It stiet yn it wurdboek en betsjut itselde as 'elkenien' en 'eltsenien'. Sjoch http://gtb.inl.nl/iWDB/search?actie=article&wdb=WFT&id=20239.re.d1e1073576&lemma=elkien

    BeantwoordenVerwijderen