dinsdag 21 december 2010

Nei Betlehim gean

Men kin sizze ‘ik gean op bêd’. Mar it kin ek oars sein wurde: Nei Betlehim gean. Efter it bolwurk krûpe (efter de brede rêch fan jins man of frou lizzen gean). Nei De Falom gean. Op 'e fearman gean, krûpe. It fierderop, hegerop besykje. Oekedakke gean. Wy sille ús wat opbergje.

3 opmerkingen:

  1. Achte lêzer,
    Ik mis op 'e (mei de) fearman nei Stroobos gean.
    Mei de freonlike groetnis fan Klaas Vriesema fan Grou.

    BeantwoordenVerwijderen
  2. 'Nei Balk moatte' betsjut neffens it hânwurdboek 'op bêd moatte'. In subtyl ferskil mei 'op hoasfuotling nei Balk ta wêze'. Dan giet it om in knipperke en dêr hoechst net foar op bêd te gean. It wurdboek jout ek: 'nei Balk om nije nuten wêze' en dat betsjut ek in knipperke dwaan. Wêr komt soks no wei? It liket derop dat der in moai ferhaal efter sit. Wit Taalbaas dat ferhaal miskien?

    BeantwoordenVerwijderen
  3. Achte lêzer,

    ùs heit plachtte eartiids te sizzen:
    wy gean oan igge(oan kant gean).

    Koos Terpstra
    Oerterp

    BeantwoordenVerwijderen