donderdag 23 maart 2017

Werken Vriend!


Dat hieltyd mear Friezen wurden út it Hollânsk brûke is in útmakke saak. Benammen de jongerein hearst gauris oer 'samenwenje' (yn stee fan tegearre wenje of byinoar wenje), 'Sjoch dy molen dêr' (yn stee fan mole/mûne)  of 'dat is net sa slim (yn stee fan tûk of handich) fan dy'. Dochs is der in oar ferskynsel dat ek foarkomt by minsken dy't o sa geef Frysk prate. Minsken dy't wól  'tegearre wenje' of 'gearkomste' brûke. Dat binne de twa wurden 'werken' en 'vriend'. In sin wurdt dan bygelyks sa: 'ik sil tegearre wenje mei myn vriend.' En: 'ik moat moarn werke. De -n oan 'e ein fan it wurd, wurdt dan faak ynslokt, sadat it dochs noch wat tinken docht oan it Fryske 'wurkje'.

woensdag 15 maart 2017

Biscuit is twa kear bakt


It provinsjehûs stiet yn Ljouwert oan de Tweebaksmarkt of Twibaksmerk. Twibak (of twabak) is in letterlike oersetting fan it Frânske biscuit. Bi(s) is twa en cuit(é) betsjut bakt, biscotte bestiet ek, en dat ferwiist nei it prosedee: der is twa kear bakt. Yn it Hollânsk is de Frânske foarm feroare yn beschuit, ien letter derby, en sa koe ek it Stedfryske wurd beskút ûntstean. Twibak of twabak wurdt ek wol ferkoarte ta bak en dêr binne ferskate soarten fan: in meniste bak is in bak mei sûker (en krintebôle) en in poppebak is ien mei mûskes (om by in berte op te traktearjen). In bakbrochje bestiet út in bak en in stikje brea mei bûter en tsiis dertusken.  Op  'e breatafel stiet ek gauris de bakkebus, en ek wol twibaksbus.

woensdag 1 maart 2017

De ljedder


Dat se op 'e Klaai 'sneon' tsjin 'saterdei' sizze en yn de Wâlden 'saterdei' tsjin 'sneon' is gjin nijs. It Frysk sit fol mei sokke dialektferskillen. It binne foaral de 'gewoane' wurden fan de âlde,  oarspronklike wurdskat fan it Frysk dy't sokke fariaasje fertoane. Sa hawwe wy foar in gewoan wurd as ljedder yn it Frysk ek de farianten leider, ljedde en ljerre. De fariaasje is net wat fan de lêste hûndert jier of sa, mar kin al weromfûn wurde yn it Frysk fan foar 1550. Doe bestiene foar ús ljedder ek al foarmen as hledere, hlerde, lerde en hladder dy't yn de ferskillende parten fan it doetiidske Fryslân sein waarden.

woensdag 22 februari 2017

Fan útsûndering nei regel

Gastbydrage fan Anne Merkuur

Ferlykje de de beide lêste wurden yn de folgjende sintsjes:
 

a             Juster haw ik mei him praat
b             Juster haw ik mei him praten

Hjoed-de-dei brûke hast alle Friezen hjir ‘praten’ yn stee fan de geef Fryske foarm ‘praat’. En lyksa brûke se ‘melden’ yn stee fan ‘meld’, ‘setten’ yn stee fan ‘set’, ensfh. Gjin direkte Hollânske ynfloed, want dy foarmen mei -en lykje ommers just net op har Hollânske tsjinhingers ‘gepraat’, ‘gemeld’ en ‘gezet’.

500 jier lyn kamen dizze foarmen al yn it westlike part fan ús provinsje foar. Sa fine wy al in fariant fan ‘setten’ yn in Jirnsumer oarkonde út 1507:

   dat hij sijn zegel alhier op satten hat (dat er syn segel hjir op set hat)

Iuwenlang hawwe dizze -en foarmen bestien as (súd)westlike dialektfoarmen, mar yn rûchwei de ôfrûne 75 jier hawwe sy har útwreide oer de hiele provinsje. Tsjintwurdich wurdt der dus yn it oergrutte part fan de provinsje earder frjemd opsjoen wannear’t jo sintsje a brûke, as wannear’t jo sintsje b brûke. Se stean sels al nêst de geve foarmen yn it wurdboek. Noch even, en it is geef Frysk.

woensdag 15 februari 2017

Sint-Piter



Sint-Pitersdei
Dan grienet de wei
Dan bakt mem stro
Dan keallet de ko,
Dan leit de hin
Dan hat de húsman it nei syn sin.
Dit ferske wurdt noch hieltyd troch Grouster bern songen yn de tiid om Sint Piter hinne en - fansels - by de yntocht. Nijsgjirrich, want wat stiet der eins? 'Dan grienet de wei' slacht op it griener wurden fan de dyk, dy't eartiids faak net ferhurde wie. Stro referearret oan pankoeken. De húsman stiet synonym oan it wurd 'boer'. Yn it algemien giet it dus om de maitiid dy't der oankomt, alles wurdt griener, de hinnen begjinne wer te lizzen en de ko kriget kealtsjes. De lêste twa jier wie it op 21 febrewaris lykwols noch net sa maitiidseftich en frear it earder. Kin it sa wêze dat, nettsjinsteande de opwaarming fan de ierde, eartiids de maitiid dochs earder kaam?