dinsdag 25 oktober 2011

Affuit foar ûnderstel!


“Ik sil my it affuit efkes waskje,” sei de man. Hy bedoelde de ûnderste helte fan syn lichem. Meast wurde allinne ûnderstellen fan kanonnen affuiten neamd. It wurd komt fan it Frânske ‘à fût’: op de beamstam. Yn it Dútsk is dat Frânske ‘l’affût’ ‘Lafette’ wurden. Earder waard yn it Hollânsk sawol ‘affuit’ as ‘lavet’ foar sokke kanonûnderstellen wol brûkt

dinsdag 18 oktober 2011

Barchjes kinne bargje

In lytse baarch is in barchje. Dêrnjonken bestiet it tiidwurd bargje, dat grieme (Holl. morsen, knoeien) betsjut. Ferskil yn wurdsoarte én betsjutting dus, mar wisten jo dat it ôfbrekken oan 'e ein fan de rigel ek ferskillend is? It is in lyts barch-je en do moatst net sa bar-gje.

dinsdag 11 oktober 2011

Baarmoeder of skûlliif?

'Baarmoeder' is net in maklik wurd om yn it Frysk oer te setten. By kij hat men it oer de 'liifmoer' of 'limoer' en guon brûke dy wurden ek wol foar minskefroulju. It wurd 'skûlliif' fan skriuwer Willem Abma heart men ek wol. Of wit ien der noch in moai(er) wurd foar?
Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal? Klik hjir:
limoer
skûlliif
(Set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten') 

dinsdag 4 oktober 2011

Syn lêste oartsen fersnobbe

Yn Denemarken hawwe se gjin euro's, mar al de øre. Dat is dêr it lytste muntsje, ferlykber mei de oartsen, dy't yn Fryslân yn gebrûk west hat. In oartsen wie de helte fan in botsen en dat wie wer de helte fan in stoer. Neame jo fiif eurosint (€ 0,05) ek noch altyd in stoer en it dûbele (€ 0,10) in dûbeltsje?