woensdag 29 juni 2011

Wêr komt Bebogeen wei?

Bûter, brea en Bebogeen, wa’t dat net sizze kin komt net fan ’e Westereen. It swiete karamelsmarsel Bebogeen waard oan de ein fan WO II makke yn de margarinefabriken fan Benninga yn Ljouwert. Neffens guon soe it wurd Bebogeen lêzen wurde moatte as ‘Geen boter beschikbaar’. Oaren sizze: it hat te krijen mei de nammen út de famylje Benninga: Benno en Bob. Wa wit it krekte antwurd?

maandag 20 juni 2011

De Froskepôle foar de hûnen?

De Froskepôle is in boskich stik lân by Ljouwert tusken yndustryterrein De Hemrik en it Van Harinxmakanaal, dêr't minsken graach de hûn útlitte. Earder wie it in buertsje ûnder Huzum, mei in herberch. De namme Froskepôle ferwiist nei froask, it eardere Fryske wurd foar 'kikkert'. Of is ien dat wurd noch wolris tsjinkommen?

De Froskepôle op Googlemaps

dinsdag 14 juni 2011

Yn 't skip skeppe is skypje

Skypje en skeppe binne twa ferskillende tiidwurden. Skeppe (skoep, skepen) betsjut: meitsje, út it neat ta stân bringe. Skypje is letterlik yn it skip lade (Hollânsk: "inschepen"). As jo mei eat opskipe sitte, is dat meastal ûngeunstich. Kjeld skypje bygelyks. Mar kin men ek in goede eigenskip of gewoante skypje (oerervje of oanleare)?

Wat seit it Wurdboek fan de Fryske taal? Klik hjir:
skypje
skeppe
(Set om it hiele artikel te besjen in finkje yn de hokjes 'Toon ook: subbetekenissen | citaten')

dinsdag 7 juni 2011

Houk en Ans

Yn de 18de ieu waard it stjerrebyld Tweelingen yn it Frysk wol Houk en Ans neamd. Opfallend genôch is der ek in bekend 17de-ieusk fers oer in petear tusken in mem en in dochter, û.o. oer seks. Dat fers hyt fan Ansk en Houk. No is it de fraach oft it stjerrebyld as grap nei it fers ferneamd is.