zaterdag 30 mei 2009

Nammekunde Harns

Wat is de betsjutting fan dizze plaknamme? Kies út trije mooglikheden.

Harns:
A Komt fan de persoan Jouke Harliga, dy’t hear wie fan Harliga State.
B Komt fan Aldfrysk Horne-Nes, dat útstekkende punt (nes) op de hoeke (horne) betsjut. Tink ek oan de Hoarnestreek boppe Harns.
C Komt fan Aldfrysk Harlingi, dat it folk fan Harilo betsjut.

Klik hjir foar it antwurd

zaterdag 23 mei 2009

Stavering

By it skriuwen fan tiidwurdsfoarmen jilde ferskate regels. It giet om de útspraak, mar ek om de tiidwurdsferbûging en staveringsregels.
Yn hokker fan de trije sinnen hjirûnder is de tiidwurdsfoarm goed stavere?

It goede antwurd is te finen op side .. .

A. Wy praatten juster mei har.
B. Wy praten juster mei har.
C. Wy prate juster mei har.

Klik hjir foar it antwurd