Sa'n
2000 minsken en ynstânsjes twitterje Frysk en dy hawwe mei-inoar al
300.000 Fryske twitterberjochten skreaun. Stellings nijtsjes of gewoan
de meidieling dat men pineholle hat of dat dy-en-dy it deaskoppen net
wurdich is. Moai dat it Frysk ek op Twitter is: in taal dêr't net yn
twittere wurdt is op stjerren nei dea.
Sjoch ek op: http://indigenoustweets.com/fy/
dinsdag 13 maart 2012
dinsdag 6 maart 2012
Fuort mei dakjes en streekjes?
Frysk
typen giet folle flugger sûnder al dy dakjes en streekjes op 'e
letters. Mar is it dan allegear noch wol dúdlik wat der bedoeld wurdt?
Begripe jo dizze sintsjes dan noch wol:
- Les dyn les ris wer.
- De kruk hong oan de kruk.
- Dus de dus is stikken?
- In plus plus in plus is twa plussen.
dinsdag 28 februari 2012
Piter Poasken
Yn
de 18e ieu waard it stjerrebyld 'Vissen' yn it Frysk wol 'Piter
Poasken' neamd. In poask is in slimerich fiskje (Nederlânsk: 'post'). Wy
kenne hjoed de dei noch de útdrukking 'sa ferkâlden as in poask'. En
fan ien dy't net sa grut fan stal is, kin men sizze: "It is mar sa'n
poask."
Klik hjir foar wat it Wurdboek fan de Fryske taal seit oer poask
(set in finkje yn de hokjes 'subbetekenissen' en 'citaten')
dinsdag 21 februari 2012
It Suderleech
Grinslân, Drinte,
Lelystêd, Utert - der binne om utens genôch plakken en streken mei in Fryske
namme. Meastal liket dy namme in soad op de pleatslike namme. Okkerdeis
fernamen wy dat Fryske bewenners fan de 'Noordoostpolder' harren wengebiet wol
oantsjutte as 'It Suderleech'. Soe dat in gaadlike namme wêze kinne foar de
'Noordoostpolder'?
dinsdag 14 februari 2012
Gesneden bôle?
As it snijt, falt der snie.
Immen dy't snijt, is in snider (fan it tiidwurd snide). Mar dat wurdt hast net
mear brûkt. It snijde juster en it hat al faker snijd. Mar de
bakker snie en hat snien. It rint yn it Frysk wat trochinoar. Sa
is hy snijt, hy snijde en hy hat snijd gongber Frysk (wurden). It
(regelmjittige) tiidwurd snije hat twa hiel ferskillende betsjuttings
krige. Fine jo soks gjin taalferearming?
dinsdag 7 februari 2012
Skytmerakels
As
ien it perfoarst net mei immen iens is, soed er fan lulkens sizze
kinne: 'Ah ju, skyt omheech'. Dat heart rûch en sa is it yn sa'n gefal
ek bedoeld. It tiidwurd skite
wurdt – al hoe wichtich oft dy aktiviteit ek is – as ûnfoech beskôge.
Sa kin it suver as flokwurd brûkt wurde. Mar it kin ek oars, sels tige
posityf: is 'gelokskiter' net in moai Frysk wurd foar it Hollânske 'bofkont'?
dinsdag 31 januari 2012
Te Frysk?
Tsjutte, oantsjutte, betsjutte ensfh. hawwe yn it Hollânsk fansels de wjergaders duiden, aan- en beduiden ensfh. Dat is wol dúdlik. Mar wêrom hat it Frysk dan net in wurd tsjutlik?
It Fryske ‘ferdútse’ hat deselde oarsprong en komt fan in âld wurd foar folk. It gong oarspronklik om útlis oan it folk. Soenen wy in wurd as dútslik te Frysk fine?
It Fryske ‘ferdútse’ hat deselde oarsprong en komt fan in âld wurd foar folk. It gong oarspronklik om útlis oan it folk. Soenen wy in wurd as dútslik te Frysk fine?
Abonneren op:
Berichten (Atom)