dinsdag 24 mei 2011

Smoarge aap!

As ien útskolden wurdt, wurdt er wol gauris foar ien of oar bist útmakke. Ien dy't stjonkt is in murd. In dom persoan is in sûch (froulike baarch). In griemer is in baarch. In dogeneat is in smoarge aap of stjonkhûn. Ien dy't der raar útsjocht is in baviaan. Foar in ûnsympatyk persoan wurdt it Hollânske 'farken' brûkt. Wat foar skelwurden brûke jo?

3 opmerkingen:

  1. Hûnekop! Of is dat net in echt skelwurd?

    BeantwoordenVerwijderen
  2. In skelwurd is in wurd dêr't men immen mei húnje, misledigje wol. As jo dy bedoeling hawwe mei it wurd 'hûnekop', dan is it in skelwurd.

    BeantwoordenVerwijderen
  3. As in frommes wat feninich út'e hoeke komt dan is dat "in njirre"

    BeantwoordenVerwijderen